CAO foar handikaptesoarch

© Omrop Fryslân
Nei in jier ûnderhanneljen hawwe wurknimmers yn de handikaptesoarch einliks in nije CAO. Wurkjouwers en fakbûnen hawwe in akkoart sletten mei de Vereniging Nederlandse Gehandicaptenzorg.
De ûnderhannelings hawwe mear as in jier duorre en rûnen yn desimber fêst, omdat de fakbûnen fûnen dat de wurkjouwer te min bea op it mêd fan lean en wurktiden. Der is doe ek noch aksje fierd by Talant.