TV-Oase yn pakket Essent

10 apr 2006 - 17:37

Minsken yn it útstjoergebiet fan kabeleksploitant Essent krije takom jier nei alle gedachten de stjoerder TV Oase op de tillevyzje. Dizze stjoerder wurdt opsetten troch TV-produsint Harry de Winter en rjochtet him foaral op 50-plussers.

It foarstel komt fan de programmaried fan Essent. De muzykstjoerder The Box soe út it pakket helle wurde moatte om romte te meitsjen foa TV Oase. Oan it radiopakket feroaret neat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)