Mear jeugdmisdriuwen yn 2005

© Omrop Fryslân
Haadoffisier fan Justysje Leo den Hollander makket him soargen oer de ûnferskilligens by jongeren yn Fryslân dy't hieltyd mear misdriuwen plege. Yn 2005 binne hast 1500 misdriuwsaken ûnder de jongerein behannele. Dat is 28 prosint mear as yn 2004.
Hoewol't der ek mear drugssaken en geweldsdelikten yn 2005 wiene, fynt Den Hollander wol dat Fryslân ien fan de meast feilige provinsjes fan Nederlân is.