Ynnovaasjepriis foar Drachtster

© Omrop Fryslân
Ferkearsplanolooch Hans Monderman fan de gemeente Smellingerlân is op it ynnovaasje festival yn Dordrecht útroppen ta ynnovator fan it jier.
Hy krige de priis foar it ûntwikkeljen fan in feilige ferkearssituaasje op de krusing foar teater De Lawei yn Drachten troch it fuortlitten fan safolle mooglik ferkearsbuorden en ferkearsljochten. De ynnovaasjepriis waard útrikt yn it ramt fan de nasjonale ynnovaasjewike.