It giet goed mei de earrebarren

10 apr 2006 - 15:38

It giet goed mei de earrebarren yn Fryslân, mar noch net sa goed dat ek hjir briedstasjons slute kinne soene. Yn Alphen aan de Rijn is in stasjon sluten, omdat de earrebarren dêr sels goed foar fretten soargje kinne.

Yn Fryslân is dat noch net it gefal. De goed 100 Fryske earrebarren sitte yn de stasjons fan Eagmaryp, Earnewâld en Spangea. Dy trije kinne net ticht omdat de fûgels net mear op trek geane. Sy bliuwe dêr oant se stjerre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)