Mishanneling yn Harns

© Omrop Fryslân
In 22-jierrige ynwenner fan Harns is yn de nacht fan sneon op snein oanhâlden foar mishanneling.
De man hie yn in kafee oan de Foarstrjitte yn Harns mei opsetsin glêzen stikken smiten. Doe't de Harnzer dêrom de saak útsetten waard, sloech hy in 33-jierrige meiwurker fan de kroech tsjin de holle. De meiwurker hat oanjefte dien fan mishanneling.