Ekstra jild befrijingfestival

© Omrop Fryslân
De provinsje sil 150.000 euro ekstra besteegje oan aktiviteiten dy't op befrijingsdei organisearre wurde yn Ljouwert. Op 5 maaie is yn Ljouwert ek de lanlike iepening fan de befrijingfestivals. Dêrby sil ek premier Balkenende oanwezich wêze.
Spesjaal foar de iepening sil Teater Tol de foarstelling 'Corazón de Café' opfiere. It ekstra jild fan de provinsje wurdt ûnder mear foar dizze foarstelling brûkt.