Ljouwerters ferwûne by botsing

10 apr 2006 - 10:07

By in ûngemak op de Hoogeveenseweg yn Meppel binne yn de nacht nei snein fjouwer Ljouwerters ferwûne rekke. De fjouwer sieten yn in buske dat bestjoerd waard troch in 29-jierrige frou út Ljouwert.

Se woe de Rykswei A32 opride, doe't in 36-jierrige ynwenner fan Meppel har gjin foarrang joech. De man ramde it buske fol oan de sydkant. Hy hie tefolle dronken. De Ljouwerters binne alle fjouwer oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)