Regels ûnderhâld Brune Float

© Omrop Fryslân
Der komme nije regels foar it ûnderhâld oan skippen fan de Brune Float yn de haven fan Harns. Dat makke de gemeentlike haventsjinst sneon bekend op in byienkomst fan havenbewenners en skippers fan de Brune Float.
Ien fan de maatregels is dat ûnderhâldswurk allinich noch dien wurde mei op bepaalde tydstippen. Reden dêrfoar is dat havenbewenners dan net tefolle lûdsoerlêst ha.