Undersyk fandalisme De Pein

© Omrop Fryslân
De plysje hat in grut ûndersyk nei fandalisme mei Ald en Nij yn De Pein klear. Mei inoar binne der 27 fertochten heard. Se binne tusken de 14 en 19 jier âld. De groep hat mei Ald en Nij foar mear as 30.000 euro oan fernielings oanrjochte.
Sa is in karavan yn brân stutsen en dêrnei op in brêge riden. Ek binne twa fetten mei oalje yn de brân set. Dat soarge foar gefaarlike stekflammen. De skea wurdt ferhelle op de âlden.