Stroetinga nei WK hurdfytsen

© Omrop Fryslân
Wim Stroetinga fan Aldeberkeap is selektearre foar it Wrâldkampioenskip hurdfytsen op de baan. De 21-jierrige hurdfytser docht yn Bordeaux mei op de ûnderdielen scratch en ploege-achterfolging. Yn 2003 waard er noch wrâldkampioen by de junioaren op it ûnderdiel scratch.
It WK fynt plak fan 12 oant 16 april. Neist Stroetinga selektearre trainer Peter Pieters noch alve manlju en twa froulju.