Man mei auto heal yn sleat
In 47-jierrige ynwenner fan Lippenhuzen is freedtejûn yn it sikehûs bedarre nei't er net goed waard doe't er achter it stjoer siet. De man rekke de macht oer it stjoer kwyt en rekke fan de dyk.
Hy kaam heal yn in sleat telâne. Omstanners ha de auto stabyl holden sadat de auto net hielendal yn de sleat falle soe. De man is mei in ambulânse nei it sikehûs fan It Hearrenfean oerbrocht.