Bouwers nei Friesland College

© Omrop Fryslân
Oftredend wethâlder Frans Bouwers fan It Hearrenfean wurdt aktyf by it Friesland College. Hy wurdt lid fan de Ried fan Tafersjoch. Bouwers hat tolve jier wethâlder west. Hy hold him foaral dwaande mei rûmtlike en ekonomyske ûntwikkelings en mei ûnderwiis.
Hy wie ek bot belutsen by it ta stân kommen fan Sportstêd Hearrenfean. It Friesland College is ien fan de partners yn dat projekt.