Stjoergroep bliuwt foar spoar

08 apr 2006 - 13:03

De stjoergroep Zuiderzeelijn wol de stekker noch net út de plannen foar in snelle treinferbining mei de Rânestêd lûke. Tongersdei waard bekend dat trije advysrieden it kabinet ôfriede om de Suderseeline oan te lizzen.

De stjoergroep fernuveret him deroer dat de media dat útlizze as soe it projekt fan de baan wêze. It kabinet moat dêr noch in beslút oer nimme. De groep seit ek dat der hurde ôfspraken lizze oer de finansiering fan it spoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)