Cambuur kin wer even foarút

© Omrop Fryslân
Cambuur sil noch dizze wike de leanen oer de moanne maart betelje. Dat is mooglik tanksij de fjouwer Ljouwerter sakelju Buwalda, Hoekstra, Sleijer en Riedstra. Sy ha freed de opdracht jûn om 150.000 euro op de rekken fan Cambuur te stoarten.
Meiinoar hat it kwartet no 7 ton betelle om Cambuur oerein te hâlden. Cambuur kin no wer twa wike foarút. Tongersdei drige wer krisis omdat de kas folslein leech wie.