Fuotbalklub lilk op gemeente

07 apr 2006 - 17:15

It bestjoer fan fuotbalklub Frjentsjer fielt him besoademitere troch de gemeente Frjentsjerteradiel. Dat om't wethâlder Miedema tongersdei bekend makke dat de oanlis fan in spesjaal fuotbal- en treningsfjild definityf fan de baan is.

Dit fjild soe as kompensaasje tsjinje foar de bou fan in skoalle op ien fan de fjilden fan de feriening. De ried wol no dat de wethâlder op syk giet nei in oare oplossing foar de klub.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)