Oerfal yn wenning Ychtenbrêge

© Omrop Fryslân
In ynwenner (69) fan Ychtenbrêge is yn de nacht nei freed oerfallen yn syn wenning oan de Suster Jacobsstrjitte. De man lei te sliepen en waard krekt nei ienen wekker. Hy seach de doar fan syn sliepkeamer iepengean.
Twa manlju kamen binnen en pakten de bewenner fêst. Se woene jild ha. Der ûntstie in wrakseling, wêrnei't de oerfallers de wenning sûnder jild ferlitten. De plysje hat mei hûnen de omjouwing ôfsocht, mar neat fûn.