Nijpels foar Nij-Saailân-plan

© Omrop Fryslân
Ljouwert mist definityf de oansluting by oare grutte stêden as it Nij-Saailân-projekt nét trochgiet. Dat drigemint utere kommissaris fan de Keninginne Nijpels tongersdeitemiddei by de jubileumfiering fan it Fries Museum yn Ljouwert.
Nijpels wie útnoege om de spesjale útstalling foar it 125-jierrich bestean, 'Tsjoch!', te iepenjen. Nijpels hat him net earder yn it iepenbier sa útsprutsen oer de plannen.