EK ûnder 21 begjint op it H'fean

07 apr 2006 - 13:31

De iepeningswedstriid fan it Europeesk kampioenskip fuotbal foar spilers ûnder de 21 jier is takom jier yn it Abe Lenstrastadion op it Hearrenfean. Njonken it Hearrenfean wurde der ek wedtriden spile yn Grins, Nijmegen en Arnhem. Dat hat de KNVB besletten.

Op it EK kwalifisearje de bêste 4 lannen har foar de Olympyske Spelen fan 2008 yn Peking. It Hearrenfean krijt njonken de earste wedstriid ek in heale finale en in pûlewedstriid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)