Fergees ferfier 65+ Amelân

07 apr 2006 - 10:13

Ynwenners fan 65 jier en âlder kinne sûnt tongersdei fergees reizgje mei it iepenbier ferfier op It Amelân. Dit foar Nederlân unike projekt is in proef fan de gemeente It Amelân, rekreaasje-ûndernimmers en ferfiersmaatskippij Arriva.

De partijen wolle sjen oft fergees reizgje úteinlik mear opsmyt. Yn Flaanderen reizgje 65-plussers al langer fergees. It tal passazjiers is dêr sels ferdûbele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)