T-diel akkoart mei Sintrale As

© Omrop Fryslân
De ried fan de Tytsjerksteradiel giet akkoart mei it foarskarstrasee foar de Sintrale As, sa as dat koartlyn fêststeld is troch de provinsje. It giet hjir om de nije dyk dy't komme moat tusken Dokkum en Nyegea.
Earder al hawwe Dantumadiel en Dongeradiel in posityf advys jûn. In nije rûnwei om Garyp hinne sjocht T-diel net sitten. En der moat rekken holden wurde mei de natuur om Quatrebras hinne.