'Gjin 60 km-sônes yn N358'

07 apr 2006 - 09:53

De provinsje moat it beslút om fan de N358 fan Ingwierrum nei Ternaard en fan Ingwierrum nei Eanjum in 60 km-sône te meitsjen, weromdraaie. Dat wol de gemeenteried fan Dongeradiel. De ried wol dat de maksimumsnelheid op dizze dyk wer 80 kilometer yn 'e oere wurdt, want dat soe feiliger wêze.

Ek de ferskate doarpsbelangen binne it net iens mei de ynfiering fan de 60 km-sônes. Mar neffens de gemeente giet it hjir om in wichtige ûntslutingsdyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)