Kursus Frysk foar dûmny's

07 apr 2006 - 09:47

Net-Frysktalige dûmny's dy't it Frysk graach leare wolle, kinne telâne op in spesjaal foar har makke kursus. Dy wurdt ein dizze moanne organisearre troch de Afûk en de IFKE, de yntertsjerklike kommisje foar de Fryske earetsjinst.

De kursus sil taspitst wurde op it brûken fan de Fryske taal yn de earetsjinst en by it pastoraal wurk. Tusken 1986 en 2003 waard deselde kursus al jûn oan sa'n 130 dûmny's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)