Posityf advys gaswinning waadsee

© Omrop Fryslân
It miljeu ûnderfynt gjin skea troch gaswinning yn de Waadsee. Dat sizze ûnôfhinklike saakkundigen yn in advys dat tongersdei publisearre is. Yn dat advys seit de kommisje foar de miljeueffektrapportaazje dat se in grutte linen posityf binne oer de MER dy't de NAM útfiere litten hat.
Mei it advys oer it grutste natuurgebied fan Nederlân komt it momint fan gaswinning yn de Waadsee wer in stap tichterby.