Gjin nije stinzen yn Dronryp

07 apr 2006 - 09:38

Der komme net 4 nije stinzen oan it Van Harinxmakanaal tusken Dronryp en Deinum. De gemeenteried fan Menameradiel is der op tsjin. In mearderheid fynt dat it gebiet tusken beide doarpen iepen bliuwe moat.

It plan foar de 4 moderne stinzen op romme kavels kaam fan ûndernimmer Willem bij de Leij fan Menaam. Hy is al eigner fan 25 bunder greidelân by Dronryp. Hy wol op dat lân no mooglik in kamping oanlizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)