Brân Smeding mooglik oanstutsen

© Omrop Fryslân
De grutte brân fan ôfrûne wike by Smeding yn Sint Anne is nei alle gedachten oanstutsen. Der binne op de sneontejûn fan de brân om 23.00 oere trije manlju sjoen by de frachtweinen op it hiem.
De sinjaleminten binne trochjûn oan de plysje. De rezjerzje wurket noch oan it ûndersyk. Yntusken wurdt it bedriuw permanint bewaakt. Direkteur Smeding lit oeral kamera's ophingje om foar te kommen dat der wer brânstifte wurdt.