Cambuur moat mei 2 ton komme

07 apr 2006 - 00:00

Op 'e nij grutte problemen foar Cambuur. De Ljouwerter fuotbalclub moat freed noch 200.000 euro binnenhelje om in oantal leveransiers en de leanen fan de meiwurkers te beteljen. Komme dy sinten der net, dan lûkt it fuotbalbûn KNVB de lisinsje yn.

Tongersdeitejûn hat der oer dizze sitewaasje noch oerlis west mei de fjouwer Ljouwerter sakelju dy't earder jild jûn hawwe oan Cambuur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)