Gjin MFC yn Boyl

06 apr 2006 - 16:26

Der komt dochs gjin multyfunksjoneel sintrum oan de Bosoardwei yn Boyl. It kolleezje fan B&W hat besletten ôf te sjen fan de bou fan it sintrum. Yn it sintrum soene ûnder oare in supermerk, in Talant-winkel, de legere skoalle en in pjutteboartersplak komme.

De plannen bestean al twa jier, mar it kolleezje wol no dochs it sintrum skrasse. Yn de ôfrûne jierren is it grutste part fan de partners ôffallen en bliuwe allinnich de skoallen oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)