'Frysk as fiertaal op skoalle'
It Frysk moat fiertaal wurde op skoalle, ek by oare fakken dus. Dat skriuwt de Feriening foar Frysk Underwiis yn in brief oan de Twadde Keamer.
Fierders wol de feriening dat de Fryske taal de hiele skoaltiid trochjûn wurdt. En boppedat moatte de easken oan it fak Frysk net nei ûnderen bysteld wurde. De Feriening beropt him op it Europeesk Manifest foar Minderheidstalen.