Himmelteam op De Westerein

© Omrop Fryslân
De Westerein wurdt tenei ien kear yn de 14 dagen skjinmakke troch in spesjaal himmelteam. It giet om 15 bern fan de twa basisskoallen yn it doarp. Se sille ien kear yn de twa wike op woansdeitemiddei rommel oprêde by ûnder oare it winkelsintrum en de parkearplakken by de sporthal.
De himmelkampanje wurdt stipe troch de gemeente Dantumadiel en it jongereinsintrum. De learlingen wurde begelaat troch twa pedagogyk-stazjêres.