Mear jild foar Fryske kultuer

© Omrop Fryslân
De provinsje lûkt de kommende trije jier hast 265.000 euro mear út foar kulturele aktiviteiten. Deputearre Mulder wol it jild brûke foar produksjes fan toanielskriuwers en poadiumkeunsten yn Fryslân.
Nije kulturele eveneminten moatte boppedat mear toeristen nei Fryslân lûke, fynt Mulder. Allinnich it skûtsjesilen simmerdeis is net genoch, sa falt te lêzen yn de nije Kultuernota.