Nije praktykrûmte op Liudger

© Omrop Fryslân
Skoallemienskip Liudger yn Drachten hat in nije praktykrûmte foar de grienoplieding krigen. Learlingen kinne tenei wurkje yn in echte bedriuwrûmte. Der sit ûnder oare in blommesaak, in wurkpleats en in bistewinkel yn.
Bûtendoar sitte in hoveniersbedriuw, in plantekas en in bernebuorkerij. In nij ûnderdiel op de skoalle oan de Splitting is rekreaasje. Learlingen kinne dan in dei op in bedriuw wurkje.