Burgumer(15) oanhâlden foar brân

06 apr 2006 - 10:58

De plysje yn Burgum hat in jonge ynwenner fan it doarp oanhâlden foar brânstifting. De 15-jierrige jonge wurdt derfan fertocht brân makke te hawwen op in skoalplein oan de Lauwermanstrjitte.

Hy soe fierder in tal hagen yn de brân stutsen hawwe yn it doarp. Der is ek in twadde jonge oanhâlden foar de brânstifting op it skoalplein. Hy hat neat mei de oare brannen te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)