Nachtdialyse yn MCL Ljouwert

06 apr 2006 - 08:57

Fryske nierpasjinten kinne fan takom moandei ôf ek nachts dialisearre wurde yn it MCL yn Ljouwert. De nachtlike behanneling duorret acht oeren. Oant no ta wurde pasjinten oerdeis fjouwer oeren 'spield'.

It MCL is it sânde sikehûs yn Nederlân dat oan nachtdialyse docht. It ferlet is grut, om't de measte minsken harren folle fitter fiele nei sa'n nachtbehanneling. Der is in wachtlist foar de nachtdialyse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)