Undersyk nei oerstreamingsgefaar

06 apr 2006 - 07:53

Der komt in grut Noardlik ûndersyk oer wat de gefolgen binne fan in oerstreaming at de seediken fale. De provinsjes en wetterskippen fan Fryslân en Grinslân ha der opdracht foar joen.

De kâns dat de seediken it bejaan is lyts, mar mei in kompjoetermodel wurdt no in oerstreaming nei spile. Oan de hân dêrfan kinne rampebestridings-plannen en seediken mooglik oanpast wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)