Gjin tillefoan Camminghabuorren

06 apr 2006 - 06:17

In grut part fan de Ljouwerter wyk Camminghabuorren hat woansdeitejûn lêst han fan in tillefoansteuring. Alve hûndert oanslútings binne troffen troch de steuring.

By wurk oan 'e Egelantierstraat en it Kealledykje waarden ferskate kabels rekke. Monteurs binne drok dwaande it tillefoanferkear wer op gong te krijen. De KPN ferwachtet alle kabels fannacht om trije oere wer te plak te ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)