Mear bern fan skoalle stjoerd

© Omrop Fryslân
Der wurde hieltyd mear learlingen fan skoalle stjoerd of tydelik ûntset yn it foartset ûnderwiis. Dat docht bliken út sifers fan de ûnderwiisynspeksje.
Neffens de ynspeksje moatte de skoallen gemiddeld tsjin ien op de 200 learlingen maatregels nimme. Yn Fryslân leit dat sifer op ien op de 320 learlingen. Neffens de ûnderwiisynspeksje is ek dat in fierstente heech sifer.