Mear wurk foar Fryske froulju

© Omrop Fryslân
Hieltyd mear froulju yn Fryslân krije wurk, wylst it tal banen foar mannen ôfnimt. Dat docht bliken út sifers dy't fanemoarn presenteard binne.
Tusken maaie 2004 en maaie 2005 is de wurkgelegenheid yn Fryslân in bytsje ôfnommen. By de mannen gongen 2100 banen ferlern, benammen yn de lânbou. By de froulju kamen der 500 arbeidsplakken by. De measte nije banen binne fûn yn de tsjinstferliening en de sûnenssoarch.