Fryske bern moatte bêste wurde

05 apr 2006 - 17:01

Fryske basisskoallebern moatte de bêste wurde fan Nederlân. Dat is de doelstelling fan de ûnderwiisnota Boppeslach fan de provinsje. De nota is opsteld om wat te dwaan oan de ûnderwiisefterstannen yn Fryslân.

Fryske learlingen ha benammen grutte taalefterstânnen. De kommende fjouwer jier stekt de provinsje goed 10 miljoen euro yn it ûnderwiis. Dat jild moat der benammen foar soargje dat de kwaliteit fan it lesjaan better wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)