Rapport: fleanbasis ûnfeilich

05 apr 2006 - 16:53

De arbeidsomstannichheden op de fleanbasis Ljouwert wiene in pear jier lyn sa min, dat it personiel en de omjouwing dêrtroch yn gefaar kamen. Dat stiet yn in rapport fan in arbosaakkundige, dat fia Omrop Fryslân útlekte.

It rapport kaam nei bûten fia in muzyk-downloadprogramma fan ynternet. De lieding fan de fleanbasis wol net op it ferhaal reagearje. Hoe't it no op de basis is, is net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)