Fertriet by skiedend wethâlder

05 apr 2006 - 16:46

Jouke Dantuma fan de lokale partij Dantumadiel '82 is teloarsteld en lilk no't hy net wer wethâlder wurdt yn Dantumadiel. Hy fielt him bûtenspul set troch benammen it CDA. Yn it nije kolleezje leverje CDA en PvdA elk in wethâlder.

Dantumadiel '82 hat wûn by de lêste ferkiezings en hat lykas PvdA en CDA 4 sitten. Dantuma fynt dat út dizze partijen trije part-time wethâlders keazen wurde moasten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)