Olof van der Meulen: Omniworld

© Omrop Fryslân
Folleybaltrainer Olof van der Meulen fan Snits hat wer wurk. Hy wurdt trainer fan de manlju fan Omniworld, foarearst foar in jier.
Van der Meulen waard earder dit jier wurkleas doe't it frouljusteam fan Snits him weromluts út de earedivysje. Troch tekoart oan sponsors hie de club te min jild. Degradaasje nei de earste divyzje wie it gefolch. Der wie ek gjin jild mear foar trainer Van der Meulen.