Jongeren nei konsintraasjekamp

© Omrop Fryslân
In groep jongeren út Ljouwert sil ein juny in wykein nei konsintraasjekamp Neuengamme yn Dútslan. Sa kinne se mei eigen eagen sjen wat der allegear bard is yn de Twadde Wrâldoarloch. It giet om 25 jongeren dy't thús of op skoalle problemen hawwe.
It inisjatyf komt fan de beide organisaasjes fan jongerenwurk yn Ljouwert en fan it fersetsmuseum. Yn Neuengamme binne yn de oarloch 55.000 minsken omkommen.