Soargen oer nije sportpark Grou

05 apr 2006 - 11:44

Bewenners fan de Grouster wyk Meinga meitsje har bot soargen oer de oanlis fan it nije sportpark yn de wyk. Yn it sportpark oan de rykswei A31 komme ûnder oaren foarsjennings foar de fuotbalklub, de kuorbalklup en de tennisferiening. De bewenners binne benauwd dat foar mear ferkear soargje sil en foar lûds- en ljochtsoerlêst.

Projektûntwikkeler Arcadis hat tiisdei op in ynformaasjebyienkomst tasein nei de beswieren fan de bewenners te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)