Measte kontainers Skylge burgen

05 apr 2006 - 11:03

It bergingsbedriuw Svitzer Wijsmuller hat al mear as de helte fan de kontainers burgen dy't yn febrewaris boppe Skylge fan in skip foelen. It frachtskip P&O Mondriaan ferlear doe mei swier waar 52 kontainers, 12 dêrfan spielden oan op Skylge.

Tûzenen skuon leine doe op it strân by Skylge en fuotbalpoppen spielden letter oan op it strân fan it Amelân. De bergingsaksje sil nei alle gedachten noch twa wiken duorje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)