Saak hôf ferpleatst nei bunker

04 apr 2006 - 17:44

It gerjochtshôf yn Ljouwert hat in saak nei de ekstra befeilige justysjebunker yn Amsterdam ferpleatst omdat it yn Ljouwert net mear feilich genôch wie. Dat soe besluten wêze nei bedrigings fan in Ingelske binde, mar dat kin it hôf net befestigje.

Ien fan de Ingelsen hie tiisdei syn heger beropsaak yn Ljouwert foar de moard op in ûnderwizer yn Grins yn 2002. Dêrfoar is hy yn 2005 feroardield ta in libbenslange finzenisstraf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)