Geelhoed fuort by Eneco Dokkum

© Omrop Fryslân
Niek Geelhoed ferdwynt as direkteur fan Eneco-Energie yn Dokkum. Dat hat Eneco bekend makke. Hy wurdt opfolge troch Jos Muller, no noch direkteur fan de Eneco-festiging yn Weert. It persoaniel yn Dokkum is moandei op de hichte steld en wie net bliid mei it nijs.
It bedriuw woe ynhâldlik gjin meidielings dwaan oer de reden foar dizze stap. Geelhoed is no noch wol statutêr-direkteur by Kabel-Noord en wol yn dat bedriuw fierder.