Enkête gemeente it Hearrenfean

© Omrop Fryslân
1200 ynwenners fan de gemeente Hearrenfean krije dizze wike in enkête fan de gemeente yn de bus. De fragen dy't har steld wurde, geane oer de gemeente. Mei de antwurden wol Hearrenfean útfine hoe't de ynwenners tinke oer de tsjinstferliening fan de gemeente.
De útkomsten moatte Hearrenfean helpe om de kwaliteit fan de demokrasy te ferbetterjen en om de burokrasy te ferminderjen.