Blau-wyt nei nij kompleks

04 apr 2006 - 15:43

De fuotballers fan Blau-Wyt hawwe dizze wike de kaai krigen fan har nije sportkompleks yn Ljouwert. Der moat noch wol it ien en oar dien wurde troch de frijwilligers, mar it measte wurk oan it Wiardakompleks is dien. Tiisdeitejûn kinne leden foar it earst sels even komme te sjen.

It nije kompleks, foar de nijbouwyk Suderbuorren oer, krijt ek de funksje fan neiskoalse-opfang foar de bern fan de Máxima-basiskoalle yn Suderbuorren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)