Mear ferkearsbuorden it Amelân

© Omrop Fryslân
It Amelân krijt der in oantal ferkearsbuorden by om de doarpen Nes en Hollum feiliger en ferkearsfrijer te meitsjen. Sa sil it sintrum fan Nes minder tagonklik wurde foar auto's.
Yn Hollum leit it probleem by it parkearterrein fan de C1000, dat is op drokke dagen te lyts. Klanten parkearje dan lâns de kant fan De Hagen. Dêrom wurdt dy dyk fan ien kant ôfsletten en komt der in in parkearferbod. De nije buorden sille 5000 euro kostje.